Support our efforts, sign up to a full membership!
(Start for free)
Register or login with just your e-mail address
 Videos 

Fryslân DOK: Hjir bin ik, op syk nei Twarres

Hjir bin ik, op syk nei Twarres Iepen en yntym, dat is de dokumintêre 'Hjir bin ik, op syk nei Twarres', oer sjongeres Mirjam Timmer (29). Mirjam is, tegearre mei jeugdfreon Johan van der Veen, bekend wurden as it Fryske duo Twarres fan Wergea. Programmamakker Wilfried Bijma makke in dokumintêre oer it libben fan Mirjam, 12 jier nei it grutte sukses mei Twarres. De dokumintêre wurdt op snein 12 febrewaris útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2. Twarres stie yn 2000 mar leafst seis wiken op nûmer 1 yn de Nederlânske Top 40 mei it liet 'Wêr Bisto'. It wie de earste (en oant no ta iennichste) Frysktalige nûmer-1-hit. In pear jier letter gie Twarres útelkoar. Mirjam besocht dêrnei twa kear om 'de nije Johan' te finen, mar dat waard spitigernôch gjin sukses. Wol kaam se der doe efter hoe bot sy Johan miste. Yntusken hat se besletten om as single sjongeres fierder te gean, mei in band. Op it stuit is Mirjam dwaande mei in nije cd, mei Fryske en Ingelsktalige nûmers. Fryslân DOK folge Mirjam Timmer yn har deistich libben. Yn de dokumintêre praat Mirjam tige iepenhertich oer hoe't har libben der no útsjocht. Johan is noch altyd in goede freon fan har, mar hy hat in slimme spiersykte krigen en dêr hat Mirjam it wol dreech mei. Mirjam har libben is de ynspiraasjeboarne foar har teksten en muzyk en dus geane dy ûnder oaren ek oer Johan en harren freonskip. 'Hjir bin ik', in bysûnder portret, oer Mirjam en oer freonskip.
Top songs from around the world today


© 2001-2024
top40-charts.com (S4)
about | site map
contact | privacy
Page gen. in 0.1480949 secs // 56 () queries in 0.090357780456543 secs